De Tysker moat útwreidzje

13 nov 2008 - 11:32

Doarpshûs De Tysker yn Easterwierrum is noch mar fjouwer jier âld, mar moat no al útwreide wurde, fynt Doarpsbelang. Fanwege it budzjet is der by de bou besparre op de bergingsromte, mar dat soarget no foar in soad oerlêst. Sa wurde no de klaaikeamers yn it gebou brûkt as opslachromtes.

Foar de útwreiding is alles al regele, mar der is noch net genôch jild. B en W fan Littenseradiel stelle de rie foar om 20.000 euro by te dragen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)