Bern meitsje skiednisboek

13 nov 2008 - 11:22

Yn Boalsert hawwe bern fan de basisskoalle sels in skiednisboek makke. In jier lang hawwe de learlingen fan groep 5 en 6 fan CBS De Bron hjir mei dwaande west. Hast alle wiken hawwe twa bern nei Soarchsintrum Huylckenstein west om dêr in âldere te ynterviewen.

Uteinlik binne 11 ferhalen opnommen yn it nije boek. woansdei waard yn it soarchsintrum it earste boek oan boargemaster Vroegindeweij fan de gemeente Boalsert jûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)