Man mei fjoerwapen oppakt

13 nov 2008 - 10:43

Yn Ljouwert is in 32-jierrige man oanhâlden op fertinking fan fjoerwapenbesit. In tsjûge trof by de fertochte in laden pistoal oan en hat dat de man ôfnaam. De tsjûge joech it pistoal oan de plysje.

Dyselde jûn waard de fertochte oanhâlden yn syn wenning oan de Boksdoornstrjitte. Hy sit no fêst op it plysjeburo foar fierder ûndersyk. Der sil ûnder oaren ûndersocht wurde wêr't it wapen weikomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)