Undersyk nei yndustryterrein

13 nov 2008 - 09:46

B en W fan Dongeradiel wolle ûndersyk nei de útwreiding fan yndustryterrein Betterwird en de nij oan te lizzen westlike rûnwei om Dokkum hinne. Foar it ekologysk en argeologysk ûndersyk is 20 tûzen euro nedich.

Dokkum hat ferlet fan mear bedriuweterreinen. Der is noch wol goed ien hektare beskikber mar dy grûn is nei alle gedachten binnen in jier al wer folboud. Meardere bedriuwen hawwe al oanjûn op Betterwird útwreidzje of nij bouwe te wollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)