Fryske keatsers wrâldkampioen

13 nov 2008 - 09:32

De Fryske keatsers dy't foar Nederlân útkomme op it WK Keatsen yn Ekwador binne woansdei wrâldkampioen wurden op it ûnderdiel Llargues. En dêr hienen de keatsers foar it toernoai har sinnen it meast op set.

Yn in spannende finale waard België ferslein mei 5-5 en 40-15. Op dy stân sloech Benjamin Dochier fan België de bal bûten. Nei in achterstân fan 4-1 wie Nederlân werom yn de wedstryd kommen troch trije geweldige oerleveringen fan Marten Feenstra.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)