Sparta te sterk foar Cambuur

12 nov 2008 - 22:16

Sportklub Cambuur is der net yn slagge om de lêste 16 fan it bekertoernoai te berikken. Yn Rotterdam waard mei 2-1 ferlern fan Sparta. Yn de earste helte hiene de Ljouwerters tefolle respekt foar Sparta en kamen se net oan fuotbaljen ta. De thúsploech kaam dan ek op 1-0 troch Kevin Strootman.

Nei it skoft waard it sels 2-0 troch Joey Godee. Dêrnei kaam Cambuur better yn de wedstriid en makke Mark de Vries der 2-1 fan. Fierder kaam de ploech fan Stanley Menzo lykwols net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)