Mûne Achlum noch net klear
De restauraasje fan de Achlumermûne is noch hieltyd net klear. De offisjele yn gebrûkname op 21 novimber giet net troch.
It opknappen fan de mûne hat fertraging oprûn troch it minne waar. It swier transport koe dêrtroch net oer de tagongsdyk nei de mûne ta. No is de ferwachting dat de mûne yn 'e maaitiid takom jier klear is.