Klok bliuwt yn Pitersbierrum

De klok bliuwt teplak
De klok fan Pitersbierrum ferhuzet net nei Frjentsjer. De klok wie al ferkocht oan de Martinitsjerke. Mar doarpsbewenners kamen yn aksje om de klok yn harren doarp te hâlden. Dêr binne se no yn slagge.
It doarp sil in stifting oprjochtsje dy't him dwaande hâlde sil mei it opknappen fan de klokkestoel. Keunstner Klaas Buning, eigner fan de tsjerke, sil de toer en de klok ôfstean oan de stifting.