Boatsje 12e ieu nei museum

It boatsje giet nei it Skipfeartmuseum
It 12de ieusk boatsje wat twa jier werom fûn is by graafwurksumheden by Turns komt werom nei Snits. It punterachtige boatsje is ûndersocht en wurdt op dit stuit konservearre en opknapt. Dêrnei giet it sân meter lange boatsje nei it Skipfeartmuseum.
It boatsje leit no yn Lelystêd by de Rijksdienst Archeologie Natuur en Landschap. Ut ûndersyk docht bliken dat it punterke út it jier 1180 komt. It boatsje is wierskynlik brûkt foar it ferfier fan minsken en hannel.