KNVB straft fuotbalklubs

12 nov 2008 - 13:27

De KNVB hat Zeerobben en Hearrenfeanse Boys straffen oplein nei oanlieding fan in fjochtpartij by in wedstryd fan de A-junioaren. De beide klubs krije fjouwer punten yn mindering en in boete fan 200 euro en 100 euro op betingst. It giet net om de maksimale straf, omdat de klubs de spilers sels ek al straft ha.

By de wedstriid tusken Zeerobben en Hearrenfeanse_Boys fochten spilers mei-inoar. In spiler fan Hearrenfeanse Boys rekke dêrby ferwûne oan 'e holle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)