Mediabus soarget foar boeken

12 nov 2008 - 12:30

Bern dy't yn it Ljouwerter stedsdiel Oud Oost wenje hoege net mear lang op paad foar in boek. Dêr is sûnt in oantal wiken in Mediamover. Dat is in moderne fariant op de bekende bibliobus. Der soe yn Oud Oost te min lêzen wurde, omdat de biblioteken te fier fuort binne.

Mei dizze bus bringe de Brede Skoalle en de gemeente Ljouwert de boeken no nei de bern ta. Biblioteek Midden-Fryslân soarget derfoar dat de bus fold mei boeken op paad kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)