Skylge wol fearkade opknappe

De Tiger spielt tefolle sân fuort
De gemeenteried fan Skylge wol dat de steatssiktaris yngrypt om te soargjen dat de fearkade yn Harns foar it nije toeristeseizoen opknapt is. Omdat de snelle fearboat Tiger mei syn oandriuwing sân fuortspielt, fersakket de fearkade yn Harns. De boaten fan Skylge en Flylân brûke dêrom de lêste tiid deselde oanlisfoarsjenning. De boattiden binne dêrfoar oanpast.
De gemeente Skylge sil de steatssiktaris freegje in ein te meitsjen oan de hinder foar reizgers.