Jonkje (12) ûnder de auto

12 nov 2008 - 10:27

In jonkje fan 12 is tiisdeitemiddei yn it sintrum fan Ljouwert ûnder de auto kaam. Doe't er op de fyts de Groentemarkt oerstuts, seach er in auto oer de kop. De 30-jierrige bestjoerder út Amsterdam koe in oanriding net foarkomme. It jonkje rekke ferwûne oan de holle.

Omstanners ha it slachtoffer fersoarge omdat de bestjoerder dy't him oanriden hie, allinne mar each hie foar de skea oan syn auto.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)