Ljouwert gjin goed keapsintrum

12 nov 2008 - 09:42

De binnenstêd fan Ljouwert skoart as keapsintrum net geweldich. Yn fergelyk mei oare plakken docht Ljouwert it noch minder as gemiddeld. Dat docht bliken út in ûndersyk dat de gemeente Ljouwert dwaan litten hat.

It nije winkelsintrum Saailân moat yn de takomst in soad minsken nei de Ljouwerter winkels lûke, omdat de ferwachting is dat dêr grutte nije winkels komme sille. Boppedat moatte de oanrinrûtes fan de winkelstrjitten oanpakt wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)