Grou en Akkrum: brede skoalle

11 nov 2008 - 23:08
  • Brede skoallen geane troch

Grou en Akkrum krije brede skoallen. Der is al langer as tolve jier oer praten, it hat al fiif miljoen euro koste, mar no is it dan einlings sa fier. De gemeenteried hat tiisdeitejûn it griene ljocht jûn. Yn de twa nije skoallen komt ek romte foar sport en berneopfang.

De biblioteek, de jongereinsoos en it kulturele sintrum soenen ek meidwaan, mar dat waard te djoer. De skoallen moatte yn 2011 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)