'Beliedsplan KNKB fan tafel'

Soad reaksjes op plan
It nije beliedsplan fan it keatsbûn KNKB moat fan tafel. Dat skriuwe in tal keatsleafhawwers oan alle keatsferienings dy't oansluten binne by it KNKB. Dizze leafhawwers fine dat it hert wer werom moat yn it keatsen.
Sy fine dat it nije beliedsplan derfoar soarget dat it folslein de ferkearde kant op giet mei it keatsen. It beliedsplan fan de KNKB wurdt op 28 novimber foarlein oan de leden. Gerrit Lettinga is benaud dat it keatsen mei dit beliedsplan 'noch killer' wurdt.