Kanon pas letter yn ûnderwiis

11 nov 2008 - 15:49

De kanon fan 'e Fryske skiednis wurdt pas meinaam yn it lespakket, wannear't de provinsje it foech krijt oer it Frysk yn it ûnderwiis. Dat sei deputearre De Vries tiisdei by de presintaasje fan it boek yn Ljouwert.

Yn 'e kanon steane 41 persoanen of gebeurtenissen dy't wichtich binne yn de Fryske skiednis. De betinkers wolle dat de provinsje no de folgjende stap set. Dat is ûnder oare it ferplicht stellen fan de kanon op alle Fryske skoallen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)