NieuwNoord lulk op direksje

11 nov 2008 - 15:44

Supportersferieniging NieuwNoord fan sc Hearrenfean is lulk op de direksje. Dy hat in brief stjoerd nei alle leden fan NieuwNoord, omdat sy net wol dat der sprekkoaren songen wurde oer Joaden en homo's. NieuwNoord is it dêr mei iens, mar neffens NieuwNoord is it brief fan de direksje betutteljend.

Ek hat der gjin oerlis west en soe it bestjoer ôfspraken net neikomme. Omdat it net foar it earst is dat der sokke argewaasje is sil NieuwNoord no mei in aksje komme rjochting it bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)