Soargen oer jeugdseks

11 nov 2008 - 12:15

Helporganisaasje Fier Fryslân dielt de soarch fan minister Rouvoet oer hoe't de jeugd tsjin seks oansjocht. Rouvoet utert syn soargen nei Sex Sells, in tillevyzjeprogramma dêr't jongeren yn fertelle dat se seks as ruilmiddel sjogge en dat se it normaal fine om op je tolfde seks te hawwen.

Fier Fryslân hat alle dagen te krijen mei jeugd dy't oer de grins giet en problemen krijt. De organisaasje fynt mei de minister dat der in diskusje op gong komme moat oer seksuele moraal.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)