Fryske dief yn UMCG snapt
Personiel fan it Universitair Medisch Centrum yn Grins hawwe ôfrûne nacht in 25-jierrige Ljouwerter yn it sikehûs trapearre op stellerij. In meiwurker seach de man oan 'e doar fan in winkeltsje yn it sikeûs prutsen. Dêrnei die er in greep yn de kassa.
De befeiliging waard warskôge. Dy koe de dieder oerdrage oan de plysje. De man sit noch fêst foar ferhoar.