Priis slachtskiep leech

De prizen fan slachtskiep op de feemerk yn Ljouwert wiene tiisdei folle leger as oars. By in boer yn it doarpke Basse, flak oer de grins by Oerisel, is de nijste fariant fan blautonge konstatearre. It ministearje fan Lânbou hat derom it hiele Noarden en Midden fan Nederlân útroppen ta ynslutingsgebiet. Der meie no gjin skiep, geiten en kij eksportearre wurde.
De hannel yn Ljouwert wie rêstich en de prizen in stik leger as oars.