Florijn: Filmfestival bliuwt

11 nov 2008 - 11:10
  • De priiswinner fan dit jier

De gemeente Ljouwert wol it Noordelijk Filmfestival behâlde foar de stêd. Hoe't dat krekt moat, is de fraach. De organisaasje makke by de foarige edysje, ein ferline wike, bekend dat der mear jild nedich is. Mei it budzjet fan 350.000 euro is net in goed festival te organisearjen.

Provinsje en gemeente Ljouwert soene der meielkoar 150.000 euro by dwaan moatte. Wethâlder Marco Florijn fynt dat it festival wol bliuwe moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)