Brommer trochriden nei botsing

11 nov 2008 - 10:39

De plysje siket in bromfytser dy't moandeitemiddei yn Damwâld trochriden is nei in oanriding mei in fytser. It slachtoffer fan trettjin jier ried op in rotonde doe't er oanriden waard. De jonge foel op 'e dyk. De bestjoerder fan 'e reade brommer holp de jonge net, mar ried troch.

De plysje siket tsjûgen fan it ûngelok. De bromfytser is tusken de fyftich en sechtich jier âld, hat koart griis hier en hie in bordoreade jas oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)