Sionsberg moat ôfdieling slute

In ferpleechôfdieling yn sikehûs De Sionsberg moat ticht fanwege finansjele problemen by soarchgroep Pasana. Fierders wurde keukens gearfoege en wurdt kritysk sjoen nei de personiele besetting. Pasana giet dit jier wer op in ferlies ôf. Der moat struktureel seis miljoen euro besunige wurde.
De oarsaak fan 'e problemen binne in bestjoerskrisis en de fúzje fan ferline jier. Dy pakten finansjeel net goed út.