Jong Cambuur pakt punt

10 nov 2008 - 21:45

De beloften fan Cambuur hawwe moandetejûn 1-1 gelykspile tsjin FC Omniworld út Almere. Yn de earste helte waarden der gjin doelpunten makke. Nei ien minút spyljen yn de twadde helte makke Kees Pier Tol 1-0 foar Cambuur.

In kertier foar tiid waard it noch gelyk. Cambuur spile de lêste minuten mei tsien man. Chris de Wagt foel út mei in blessuere, mar op dat momint hie Cambuur al trije kear wiksele.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)