Skarsterlân 3e by MKB-ûndersyk

© Omrop Fryslân
Skarsterlân is tredde wurden by de ferkiezing fan de MKB-freonlikste gemeente fan Nederlân. Dat docht bliken út in ûndersyk fan MKB-Nederlân yn gearwurking mei it ministearje fan EZ en de Keamers fan Keaphannel.
Alle 443 gemeenten binne ûndersocht op it ûndernimmersklimaat en sa'n 16.000 ûndernimmers hawwe meidien oan it ûndersyk. De gemeente Koggenland gie der fan troch mei de titel MKB freonlikste gemeente en de gemeente Helden waard twadde.