Frouckje State it lekkerst

Frouckje State
Restaurant Frouckje State út Ryptsjerk is neffens it blêd Lekker it bêste restaurant fan Fryslân. Dat docht bliken út de jierlikse top hûndert fan bêste restaurants. Frouckje State is ek noch ris fjouwer plakken omheech gien, fan nûmer 57 nei 53.
Yn de top hûndert stean by de bêste hûndert ek noch op in 68ste plak De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach, De Gastronoom yn Harns op in 82ste plak en Eindeloos yn Ljouwert op in 88ste plak.