'Middelsee mei eilândoarpen'

10 nov 2008 - 17:13

In ûntwerpteam dat him dwaande hâldt mei de werynrjochting fan de gemeente Frjentsjerteradiel wol de Middelsee werom. Ien fan de plannen om de lytse doarpen yn it gebiet wer takomstperspektyf te jaan, is troch der eilannen fan te meitsjen.

Herstel fan de Middelsee soe der ta liede dat de doarpen midden yn it wetter komme te lizzen en sa de rekreative achtertún fan de Rânestêd wurde. Op 21 novimber wurde de plannen presintearre yn St. Anne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)