Oerlêst minder tolerearre

Dat minsken troch bygelyks alkoholproblemen harren abnormaal gedrage, wurdt hieltyd minder akseptearre. Se komme dêrtroch ek faker yn byld by helpferlieners. Fierder falt op dat hieltyd mear minsken yn de problemen komme troch skulden.
Ien en oar is moandei sein by de ûndertekening fan in konvenant foar it Sosjaal Team Snits/Wymbritseradiel. Yn hiel Fryslân binne sosjale_teams aktyf om minsken mei problemen te helpen.