FNP: Fryslân kin selsstanniger

© Omrop Fryslân
Fryslân kin folle selsstanniger wurde fan de rest fan Nederlân. Dat kin at de rampebestriding, de plysje en de brânwacht ûnder it foech fan de provinsje pleats wurde.
It stiet yn de alternative begrutting dy't de FNP-steatefraksje moandei presentearre hat. De partij fynt dat de provinsje no syn kâns gripe moat no't it Ryk hieltyd mear taken ôfskood. Neist de autonomy wol de FNP ûnder oare in eigen universiteit en mear trijetalige skoallen.