Mear romte foar nierpasjinten

10 nov 2008 - 13:13

Yn it dialyzesintrum fan it sikehûs op It Hearrenfean kinne tenei mear nierpasjinten terjochte. It sintrum is faker en langer iepen. Ek is der yn oktober in prédialyzepoly iepene. Hjir kinne pasjinten terjochte dy't al in minder goede nierfunskje hawwe, mar noch gjin dialyze nedich hawwe.

Dialyzesintrum Súdhaghe is no mear as in jier iepen. De pasjinten komme benammen út it suden fan Fryslân. Foar de iepening koene pasjinten allinnich yn it MCL yn Ljouwert terjochte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)