Belestingoanslach digitaal
De gemeente Skarsterlân is de earste Fryske gemeente dy't de ynwenners de mooglikheid jout om gemeentlike belestingoanslaggen digitaal te beteljen.
Klanten fan ABN Amro, Postbank/ING en Rabobank kinne fan novimber ôf kieze oft se harren oanslach fan 2009 op papier of mei it ynternet-bankier-systeem krije wolle. De service is allinnich beskikber foar partikulieren.