Fries wint filmwedstriid

10 nov 2008 - 12:14

De Fryske filmakteur Ultsje_Visser út Winaam is ôfrûne wykein winner wurden by in filmwedstriid foar amateurs. Dat wie yn it Posthûsteater op It Hearrenfean. Visser waard dêr keazen as bêste manlike spiler.

Visser spile de haadrol yn de film 'Opspylje' oer in jonge frou dy't in âldere man kennen leart troch in kontaktadvertinsje. De film krige ek noch twa oare prizen. Mei-elkoar diene der 39 films oan it festival mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)