Tastân bemanning Alois krityk

10 nov 2008 - 11:19

De Internationale Transport Vakbond hellet mooglik de bemanning fan de Amerikaanske seesleper Alois yn Harns fan board. De manlju hawwe gjin iten mear en it kin ek elts momint dien wêze mei it ljocht en de ferwaarming.

De eigner fan it skip hat grutte skulden by in bank yn Texas. It skip leit no al in hiel skoft oan 'e ketting yn Harns. De bemanning besiket troch de rjochter it skip te ferkeapjen. Dy docht op 19 novimber útspraak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)