Ljouwerters winne game-award
It Ljouwerter kompjûterspultsjebedriuw Triangle Studios hat in Dutch Game Award krigen. Dat is de heechste priis yn Nederlân foar makkers fan kompjûterspultsjes.
Se krigen de priis foar it fertalen fan Stratego fan in tradisjoneel boerdspultsje nei in spultsje op de mobile tillefoan en de Nintendo DS. Neffens it sjueryrapport hat Triangle Studios dy drege fertaalslach it bêste makke.