Snert tsjin Het Poortje

10 nov 2008 - 09:39

De aksjegroep tsjin jeugdfinzenis Het Poortje ropt alle ynwenners fan It Hearrenfean-Noard op woansdei net nei de lêste wurksesje fan 'e gemeente te gean. By dy wurksesje freget de gemeente fan omwenners de foar- en tsjinarguminten foar de twa mooglike lokaasjes fan 'e jeugdfinzenis.

De aksjegroep freget elkenien om nei de middelbere skoalle yn de wyk te kommen foar in kop snert. Der is foar snert keazen om't se in jeugdfinzenis yn de wyk in 'snertidee' fine.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)