Snits Wyt Swart spilet lyk

09 nov 2008 - 16:31

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart pakte yn Grins by Be Quick 1887 ien punt. It waard 2-2. Snits kaam op in efterstân troch in eigen doelpunt fan Anton de Haan. Age Hains Boersma makke foar it skoft de lykmakker.

Yn de twadde helte kaam Snits wer op in efterstân, mar ynfaller Erwin Swart soarge foar in 2-2 einstân. Klaas Schotanus krige read nei twa kear giel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)