De Jouwer ferliest mei 4-0
Soarge sneinshaadklasser De Jouwer ferline wike foar in geweldige ferrassing troch mei 4-1 fan koprinner HSC te winnen, snein gong it op it eigen fjild hielendal mis.
Achilles '29 hie in makje mei de Jousters. De Groesbekers wûnen mei 4-0. Mei it skoft stie it noch 1-0. Mar yn 'e twadde helte wâde Achilles '29 oer De Jouwer hinne.