Mishanneling by tankstasjon

09 nov 2008 - 16:18

De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei in mishanneling dy't yn de nacht nei snein plakfûn by in tankstasjon oan de A32. In man (21) út Hoarnstersweach waard hjir troch fiif persoanen sa slein dat er út de tiid rekke.

It slachtoffer hie earder dy jûn rúzje krigen mei de groep. De rúzje waard delbêde en it slachtoffer gong tegearre mei twa freonen yn de auto werom nei hûs. By in tankstasjon kamen fiif persoanen út de auto dy't it slachtoffer begûnen te slaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)