Fjochterij op It Hearrenfean

© Omrop Fryslân
In Feanster (17) is yn de nacht nei snein oanholden op it Gashoudersplein yn syn wenplak, op fertinking fan iepenlike geweldpleging. De plysje krige in melding dat der by in bar oan de Gedempte Molenwijk fochten waard troch fjouwer of fiif persoanen.
Doe't de plysje op it plak kaam, seagen se dat de fertochte in slachtoffoer (23) út Noardwâlde skopte en sloech. Doe't de plysje de fertochten oanhâlde woe naaiden se út. Uteinlik koe de fertochte pakt wurde.