A. Wachterpriis foar Goemans

09 nov 2008 - 12:49

Skriuwster Anne-Gine Goemans hat sneon yn Harns de Anton Wachterpriis 2008 krigen, foar it bêste literêre debút. Goemans krige de priis foar har boek 'Ziekzoekers'. De faksjuery mei ûnder oare Maarten 't Hart keas it boek fan Goemans út mear as hûndert oare titels.

'Ziekzoekers' giet oer in kwekersfamylje út de Bollestreek, mei rom omtinken foar de relaasjes binnen de famylje troch de tiid hinne. De priis wurdt om de twa jier útrikt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)