Fergese fakânsje foar gesinnen

© Omrop Fryslân
It Stayokayhostel yn Snits ûntfangt takom wykein 14 gesinnen dy't op it stuit in drege tiid ha. Dat gebeurt yn it ramt fan it 'wereldweekend', dat fjirtjin hostels fan Stayokay yn Nederlân organisearje, mei it Reade Krús en Humanitas. It giet om gesinnen dy't sels gjin fakânsje betelje kinne, omdat se dêr gjin jild foar ha. Der binne allegear aktiviteiten. Yn Snits kinne de gesinnen meidwaan oan in workshop karate, en sneon geane se nei de yntocht fan Sinteklaas.