Douwe de Vries liedt Essentcup

© Omrop Fryslân
Reedrider Douwe_de_Vries fan It Hearrenfean stiet boppe-oan yn it klassemint om de Essent_Cup, nei de twadde maraton sneon yn Assen. Hy waard fjirde, mar pakte genôch punten foar de kopposysje. De maraton waard wûn troch Sjoerd Huisman fan Andijk.
Bij de froulju wûn Carla_Zielman út Stienwikerwâld. Maria_Sterk fan Hallum waard tredde, mar liedt it klassemint.