Brânwachtkorps krijt oarkunde

Utrikking fan de oarkunde (L. vd Broek)
It folsleine brânwachtkorps fan Skerpenseel hat sneontejûn in oarkunde krigen foar de rêding fan in frou út Langelille. De brânwachtminsken ha har it libben rêden, doe't sij yn febrewaris mei har auto yn it wetter riden wie. De frou hie al fjouwer oeren yn it iiskâlde wetter lein en wie slim ûnderkuolle rekke.
Troch goed gear te wurkjen, koene de brânwachtminsken har út de auto krije. Oars hie se it net oerlibbe.