Plannen jachthaven Nij Beets

09 nov 2008 - 08:42
  • Polderhoofdkanaal by Nij Beets

It doarp Nij Beets wol fan de ynwenners witte oft der ferlet is fan in jachthaven. Op inisjatyf fan de Wettersportferiening wurdt in enkête hâlden. De groep giet der fanút dat de weriepening fan it Polderhoofdkanaal wol trochgean sil. Minsken kinne har boat dan tichterby hûs krije. Yn dat gefal soe it moai wêze as it doarp in jachthaven ha soe.

De enkête wurdt kommende wike hâlden. Mei de útkomsten wurdt mids desimber in ynformaasjejûn belein.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)