Sven Kramer wint 1500 meter

08 nov 2008 - 17:51

Op Sven Kramer stiet op it stuit gjin maat. By de wrâldbekerwedstriden yn Berlyn wûn de spesjalist op de lange ôfstannen ek de 1500 meter. Kramer wûn yn in tiid fan 1.45,69. Hy wûn freed ek de fiif kilometer.

Ploechgenoat Erben Wennemars waard twadde yn in tiid fan 1.45,85. Simon Kuipers kaam as tredde oer de einstreek. Hy hie dêr 1.45,95 foar nedich.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)