Gjin goud en sulver Lutine fûn

De syktocht nei it goud en sulver fan de Lutine hat neat opsmiten. It iennige wat der fûn is, is hout en konstruksjedielen fan it fergiene goudskip. It sykjen waard bot belemmere troch ekstreem waar, somtiden wynkrêft 11.
Dêrtroch koe it wurkeilân net ferpleatst wurde, wat krekt essinsjeel wie foar de syktocht. De Lutine mei har kostbere lading fergie yn 1799 tusken Skylge en Flylân yn in stoarm.