Mear bern stomdronken

Mear bern bedarje dronken yn it sikehûs
It tal bern dat troch it drinken fan alkohol út de tiid rekket en nei it sikehûs moat, is dit jier hast ferdûbele. Dat docht bliken út ûndersyk troch Omrop Fryslân. Yn totaal binne der yn de Fryske sikehuzen oant no ta goed 60 bern tusken de 12 en 16 jier opnommen.
Se binne somtiden yn koma trochdat se fierstente folle drinke. It MCL yn Ljouwert en de Tjongerskâns op It Hearrenfean binne koprinner mei tweintich dronken jongeren.