Gaasterlân: keten oan bannen

08 nov 2008 - 13:26

Gaasterlân-Sleat wol it brûken fan de jeugdketen oan bannen lizze. De gemeente wol it drankgebrûk troch de jeugd bestride, omdat it in soad skea oanrjochtet. Ien fan de wizen om wat oan it probleem te dwaan is it oanpakken fan de keten dêr't alkohol skonken wurdt.

Gaasterlân-Sleat komt mei in útstjerbelied: der meie gjin nije keten mear komme. De jongeren dy't no yn in keet komme wurde registrearre as lid. Der meie gjin nije leden bykomme.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)