Lek wetterlieding fûn

08 nov 2008 - 12:03

De ynwenners fan Kûbaard, Tsjom, Easterein en Bears kinne wer gewoan gebrûk meitsje fan har wetterlieding. Wetterliedingsbedriuw Vitens hat it lek yn de transportlieding tusken Spannenburch en Frjentsjer fûn.

It lek wie yn de rin fan sneontemoarn yn ien fan de twa wettertransportliedings ûntstien. De bewenners fan de doarpen hiene dêrnei gjin of in hiel lyts bytsje wetter. De bewenners fan de doarpen krije no tydlik wetter út in oare transportbuis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)